CONTACT |   PARSE | PROFESJONEEL GEBRUK | NIJS
PHONES | GPRS | PRIVACY STATEMENT | GEBRUKSBETINGSTEN | TERMS OF DELIVERY | ABOUT US
© 2008 Nav4All B.V. All rights reserved. | www.nav4all.com

PARSE
Parseberjocht.

Fêstige navigaasjesystemen útdage troch nijkommer.
Foarearst hielendal fergees...

De merk foar de navigaasjetechnyk is sterk yn beweging. Dêr't earst de kostbere on boardsystemen de tsjinst út lieken te meitsjen, briek it Nederlânske TomTom de merk iepen mei in folle foardieliger, draachber apparaat.
TomTom waard al gau de favoryt fan in breed belizzerspublyk, de wearde fan it bedriuw eksplodearre nei de beursyntroduksje.
En no wurde net allinnich it beursnotearre TomTom mar ek in protte oare oanbieders fan navigaasjesystemen ferrast troch in navigaasjesysteem dat folle better, folle foardieliger en foarearst sels hielendal fergees is: Nav4All.

Navigearje mei de mobile tillefoan.

De strategy fan Nav4All is fan in net earder meimakke simpelens: der is gjin hardware nedich útsein in gsm en in GPS-ûntfanger.
It systeem blinkt út yn ienfâld, yn alles. De brûker kiest op de mobile tillefoan in bestimming, de gsm makket kontakt mei in sintrale kompjûter dy't binnen pear tellen de rûte fêststelt en dy oan de tillefoan trochjout. Dêrnei kin de reizger op 'en paad.
De iennichste bagaazje dy't de moderne navigator by him hat: in mobile tillefoan en in gps-ûntfanger. Tegearre hoege dy net mear te weagjen as sa'n 150 gram.

Foar al it oare is it nije systeem ek fan in superieure ienfâld: de rûte wurdt net beskreaun oan de hân fan detaillearre kaarten, mar in simpele pylk seit rjochttroch, rjochtsôf, foarsortearje op in mearbaansdyk (dat wer wol, in protte oare systemen hawwe dat net). In heale sirkel yn de line: jo komme by in rotonde lâns en geane rjochttroch.
Wêrom's de ynstruksjes sa ienfâldich binne? Omdat benammen autoriders net ôflaad wurde meie. Hoe ienfâldiger en dúdliker de ynstruksjes, namste better de sichtberens dêrfan. Dêrnjonken nimt de kâns op twivels en wifelings omkeard evenredich ôf nei't de helderens en de opfolchberens fan de ynstruksje dúdliker is.
Dêrom is alle oerstallige ynformaasje skrast. As 30 kilometer fierderop in ôfslach is, dan jout it systeem net oan dat dy ôfslach ea komt, mar wiist it stoisynsk rjochttroch....
Foar wa't net op it skerm sjen wol, mar liever tasprutsen wurdt, is Nav4All útrist mei in totaal fan 55 talen en mear as 100 ferskillende stimmen.
Dêr is ek deselde taktyk folge: alle oerstallige ynformaasje is skrast, it systeem nimt krekt it wurd as dat relevant is: kleare ienfâld.

Gjin kosten, gjin beheinings....

De measte bekende navigaasjesystemen binne bûn oan betreklik kostbere hardware, wylst de jierabonneminten op de rûteservices der meastentiids ek net om lige... Dêrnjonken wurdt oan de brûker faak in beheinde aksjeradius bean.
De nije útdrager fan de fêstige navigaasje-oarder ken dy beswieren net: in gsm hawwe de measte minsken al. In gps-ûntfanger is in foardielich en maklik te besetten apparaatsje, abonnemintsjild wurdt foarearst (oant 01-01-2010) net frege.
De ferwachting is dat de abonnemintskosten neierhân fariëarje sille fan in heale oant heechút in pear euro yn 'e moanne foar in hast wrâldomfetsjende navigaasjedekking. In abonnemint dat fergees is, wurdt ek net útsletten.

Besteande systemen update.

Brûkers fan TomTom, Wayfinder, Route 66, Activepilot, Co-pilot en alderhande oare navigaasjesystemen kinne sûnder problemen gebrûk meitsje fan de mooglikheden dy't de nije navigaasjeprovider biedt. De hardware fan de oare oanbieders tsjinnet dan as bluetooth gps-ûntfanger fan it nije systeem. Troch gebrûk te meitsjen fan de software fan Nav4All kriget de brûker fan ‘âlde’ systemen net allinnich fergees in update fan de rûteynformaasje, mar ek in frijwol wrâldomfetsjende aksjeradius ta syn foldwaan.

Net yn winkels.

Nav4All is net te keap yn winkels, wat logysk is, omdat it neat kostet...
Dizze nije navigaasjeservice is fergees te downloaden fia ynternet of mei in sms-berjochtsje oer te nimmen fan in oare brûker.
De iennichste tsjinprestaasje dy't fan de brûkers frege wurdt, is dat se harren registrearje moatte, wêrby't fansels de gsm wer de haadrol ferfollet.

Mystearje.

Nav4All is in Nederlânsk inisjatyf. Gjin wûnder, omdat de Nederlanners as ien fan de earste seefarrende folken it mystearje fan de hyltyd wikende hoarizon te ûntraffeljen wisten. Se ûntwikkelen de keunst fan it navigearjen en wisten dy te perfeksjonearjen ta nea fertoande hichten.
Dêrom is it ek net in grut tafal dat de bedriuwen dy't wrâldomfetsjend de kartografyske ynformaasje leverje dêr't alle navigaasjesystemen op draaie, ek alle twa harren woartels yn Nederlân hawwe: TeleAtlas en NAVTEQ. De lêste is oprjochte troch it Nederlânske Philips.
Nav4All makket gebrûk fan de NAVTEQ-kaarttechnyk.