|
Nav4All Worldwide Mobile Phone Navigation and Tracking & Tracing GEBRUKSBETINGSTEN GEBRUKSBETINGSTEN NAV4ALLTROCH OP DE “AKKOARTKNOP” TE KLIKKEN GEANE JO AKKOART MEI DE NEIKOMMENDE GEBRUKSBETINGSTEN FAN NAV4ALL 1. Nav4All is in navigaasjehelpmiddel, dat jo fergees brûke meie oant 01-01-2010. Jo brûke Nav4All lykas it funksjonearret (“as is”) en sûnder wat foar garânsje dan ek, mei omdat Nav4All wurket mei data fan leveransiers, û.o. NAVTEQ. It gebrûk is folslein foar jo risiko. Jo binne sels ferantwurdlik foar jo rydgedrach. 2. Jo erkenne dat alle rjochten (ek alle yntellektuele eigendomsrjochten) op Nav4All allinnich berêste by Nav4All BV en/of har leveransiers. 3. Nav4All BV en har leveransiers binne net oanspraaklik foar skea, dy't jo direkt of yndirekt oprinne troch it brûken fan Nav4all. Jo frijwarje Nav4All BV en har leveransiers foar alle oanspraken fan tredden, dy't fuortkomme út, of ferbân hâlde mei, jo brûken fan Nav4All. 4. Jo relaasje mei Nav4All BV wurdt allinnich behearske troch Nederlânsk rjocht. Alle skelen tusken Nav4All BV en jo wurde, (ûnder útsluting fan alle mooglike net-Nederlânske rjochtsprekkende ynstânsjes oanwiisd op grûn fan lokale, steats-, nasjonale en ynternasjonale foechwet- en regeljouwing) eksklusyf foarlein oan de befoege rjochter te Amsterdam, Nederlân. Nav4All B.V. behâldt lykwols wol it rjocht om yn hokker lân dan ek om in foarriedige foarsjenning te fersykjen. 5. Nav4All wurdt hyltyd fierder ûntwikkele. Nav4All kin ek ûnoankundige oanpast of ferbettere wurde. Jo wurde advisearre hyltyd de nijste release te brûken. 6. Dizze gebrûksbetingsten binne gearstald yn it Nederlânsk en oerset yn in protte talen. As in oersetting ôfwykt fan de Nederlânske tekst, giet de Nederlânske tekst foar. GEAN NET FIERDER MEI DE YNSTALLAASJE FAN NAV4ALL AS JO IT NET IENS BINNE MEI DIZZE GEBRÛKSBETINGSTEN. |
CONTACT |
PARSE |
PROFESJONEEL GEBRUK |
NIJS
PHONES | GPRS |
PRIVACY STATEMENT |
GEBRUKSBETINGSTEN | TERMS OF DELIVERY | ABOUT US
© 2008 Nav4All B.V. All rights reserved. | www.nav4all.com
